Miljeufederaasje: "Te min kapasiteit elektrisiteitsnet skuld fan Liander"

It kapasiteitsprobleem op it elektrisiteitsnet is de skuld fan netbehearder Liander. Dat fynt de Friese Milieu Federatie. Sy sizze dat se al jierren oanjouwe by Liander dat der wat dien wurde moat oan it elektrisiteitsnet. "Dizze situaasje stiet alle lytse duorsume inisjativen yn it paad."
Foar sinnepanielen as dizze as in gjin romte mear op it net © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De lokale polityk soe ek mear de rezjy nimme moatte yn de oanpak fan de problemen, fynt de Friese Milieu Federatie.
Sa't it no liket kinne boeren dy't in soad panielen op it dak ha wolle, of lytse duorsume inisjativen mei opwekte duorsume enerzjy, net oansletten wurde op it elektristeitsnet. Se moatte dêr noch in skoft op wachtsje.
"Dat betsjut dat in hiel soad fan dat soart projekten yn de wachtstân stean. Wy fernimme just dat troch de hegere gasprizen op dit stuit in soad ferlet is fan sinnepanielen foar grutferbrûk. Dêrfan seit de netbehearder: je moatte in pear jier wachtsje", fertelt Hans van der Werf, direkteur fan de Friese Milieu Federatie.

Duorsum wurde giet stadiger

It tempo fan it ferduorsumjen giet dêrtroch stadiger. "Wy meitsje ús soargen om't de enerzjy dy't minsken no ha om plannen te meitsjen der wat út giet. Sels de lytse inisjativen moatte no geduld ha oant der wer genôch kapasiteit is."
De tiid fan warskôgjen is no al foarby, wat Van der Werf oanbelanget. "Boem is ho, sizze se altyd, mar de 'ho' hat al west."
Liander wist in pear jier lyn al wat ús duorsume ambysjes wienen.
Hans van der Werf (direkteur Friese Milieu Federatie)
"Wy roppe dan ek de netbehearder op om te ynvestearjen en wer romte te meitsjen op it net. Ik fyn it sleau fan Liander. Sy wisten in pear jier lyn al wat ús duorsume ambysjes wienen, dêr hienen sy op antisipearje moatten."

Polityk

De Friese Milieu Federatie fynt dat de lokale en provinsjale polityk mear de rezjy pakke moatte. "Wy moatte eins in 'deltaplan' foar it opwekken fan duorzume enerzjy ha."

Duorsume ambysjes net yn gefaar

Yn de Regionale Energie Strategie (RES) is ôfpraat dat Fryslân yn 2030 trije terawattoere oan elektrisiteit opwekke moat. Van der Werf tinkt net dat dat yn gefaar komt. "Dy RES giet út oer besteande projekten, dêr binne al ôfspraken oer makke, mar oer de perioade nei 2030 meitsje wy ús wol soargen."