Frysktalige filmhit Stjer nominearre foar bêste film op NFF

De Frysktalige aksjekomeedzje Stjer oer de band De Hûnekop fan Janko Krist is ien fan de trije films dy't kâns makket op in Noorderkroon Award fan it Noordelijk Film Festival (NFF) yn Ljouwert. Yn de kategory 'bêste film' binne ek De Kameleon aan de Ketting fan Steven de Jong en Little Amsterdam fan Jörgen Scholtens foardroegen.
Janko Krist, Emiel Stoffers en Jeroen Seinstra fan de film Stjer © Leo Middelsé
Stjer is de earste Frysktalige bioskoopfilm yn tweintich jier. Hy gie begjin septimber yn premjêre en wie begjin dizze moanne de bêst besochte film yn de Fryske bioskopen. It NOS Jeugdjournaal bestege dêr ek oandacht oan. Stjer draait noch altyd yn de bioskopen.
It jierlikse Noordelijk Film Festival hat prizen beskikber steld yn sân kategoyen. Opfallend is dat, op Stjer nei, alle oare nominearre ynstjoeringen gjin Fryske titel hawwe hawwe. De winners wurde bekend makke tusken 10 en 14 novimber as it festival yn Ljouwert hâlden wurdt.
Hjirûnder de oare kânshawwers:
Bêste lange dokumintêre
Hjir is Bart Eysink Smeets ien fan de nominearren. Syn Bart en de steen die terug naar huis ging wie ferline jier al te sjen op NPO2 yn de rige 2DOC.
Ek foardroegen binne: Weg uit de stad fan Tom Tieman en Saskia Jeulink oer it Grinslanner plattelân en IJswee fan Okki Poortvliet. Dy giet oer wat in bêste winter en reedriden betsjut foar de ynwenners fan it doarp Odoorn yn Drinte.
Bêste koarte spylfilm
Yn dizze kategory binne fjouwer ynstjoerings foardroegen: Melanie fan Reinout Hellenthal, ADA fan Fabian Claes Jansen, Kom hier fan Marieke Elzerman en Koud Bloed fan Morgan Grunefeld.

Bêste amateurfilm
Hjir meitsje Leon Wohlrabe mei syn Zwevend lief meisje, Rick Ploeg mei Durf - het verhaal van 11 december 1944 en Rieuwert Huisman mei Kijken door een Roze Bril in kâns.

Bêste koarte dokumintêre
Rebellious Silence fan Nuria Zantman, In The Right Place fan Sam van Zoest en Ik ben ook iemand fan Marijke Huisman meitsje yn dizze kategory in kâns.

Bêste studintefilm
Fan de fiif ynstjoerde studintefilms binne trije útsocht: Eb fan Frederik en Maria Stuut, States of Mind fan Dirk Lentz en Schervengericht fan Hidde Muskee.

Grutste jong talint
Fan de trije jonge makkers nimt ien de award yn dizze kategory mei nei hûs: Wer Okki Poortvliet (IJswee), fieders Hanna Swart (The Happy Pathmaker) en Carmen Maria (Bettie van de thuiszorg).