Brân yn sintrum Ljouwert ûnder kontrôle; hûzen earst net bewenber

De grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert is ûnder kontrôle. Dat meldt de brânwacht. Der binne gjin ferwûnen, mar wol in soad skea. Guon omwenners kinne earst net werom nei hûs ta.
By de brân kaam in soad reek frij:
De brân bruts tongersdeitemoarn út oan de Uniabuurt. It hiele blok is ûntromme. "De skea is enoarm", seit Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht. "Hiele stikken fan it gebou binne fuortbrând. It pân is no ek noch net feilich. Benammen minsken dy't boppe of achter de pizzeria wenje kinne foarearst net werom nei hûs ta."
De brân soe útbrutsen wêze yn de keuken fan pizzeria Bella Roma, seit Brinksma. "En dat is dêrnei troch it hiele pân slein. It is lestich om it te bestriden, omdatst binnentroch sjen moatst oftst by de brân komme kinst."

Gjin panyk

Panyk wie der net. "Mar hast wol te krijen mei gebouwen dy't ticht opelkoar steane, dat makket it altyd dreech."
De brân yn it sintrum fan Ljouwert © CAMJO media
De brânwacht hat besocht om foar te kommen dat de brân oersloech nei gebouwen dy't dernjonken lizze. By de bestriding fan de brân is in heechwurker ynset. Ek de traumahelikopter is teplak.

Doar forsearje

By it ûntromjen fan gebouwen yn de buert hat de plysje ferskate doarren forsearre. "As der gjinien is mei in kaai, dan moat it sa", seit Brinksma. "We moatte dochs de gebouwen kontrolearje."
Foto's fan de brân:
Helpferlieners fan Stichting Salvage kinne op dit stuit noch neat sizze oer hoefolle minsken krekt op in oar plak opfongen wurde moatte.