Ein fan gaswinning Burgum yn sicht: "Mar sit der gjin 'addertje' ûnder it gers?"

Se binne der mar wat bliid mei yn Burgum, dat de winning út it gasfjild Tietjerk nei 2030 ophâlde moat. Mar tagelyk is der skepsis: "Sit der miskien noch in addertje ûnder it gers?"
© ANP
"We hienen hjir wol op hope", seit foarsitter Piet Bruining fan doarpsbelang Burgum. Hy moat ek tajaan dat der tsjinstridige belangen binne. "We wolle gjin gaswinning hjir, ûnder ús eigen tún sis mar. Mar we wolle fan it winter wol waarm sitte, dus we ha wol gas nedich."
En dat soarget foar wat fragen oer de takomst. "It gasfjild Tietjerk is frij grut. Betsjut dit beslút no net dat de gaswinning út de lytse fjilden opfierd wurdt?"
It is noch wol njoggen jier. Dat is spannend.
Piet Bruining (doarpsbelang Burgum)
Boppedat giet de hjoeddeistige gaswinning fan Vermilion noch troch oant 2030. "Dat betsjut dat de grûn sakjen bliuwt. Kinne we dat yn 'e hân hâlde? Ik hoopje dat provinsjale wettersteat en TNO dat goed yn de gaten hâlde. Want it is noch wol njoggen jier. Dat is spannend."
Demisjonêr minister Stef Blok hat juster bekend makke dat gaswinbedriuw Vermilion noch oant 2030 gas winne mei út de gasfjilden by Burgum, mar dat nije gaswinning dêr net tastien wurdt. Vermilion woe graach útwreidzje mei de winning en trochgean oant 2050.
Op it stuit fernimme se neat fan de winning, seit Bruining, ek al is de gaswinning al hast fyftich jier oan de gong. "Alles sakket wol mei. Dat fernimst net, mar de boaiemdelgong is der wol."

Delgong kin ferfelend wurde

En ek dat smyt ek in ûnwisse situaasje op. "Mei syn allen binne we no 18 of 19 sintimeter sakke. Yn de takomst kin dat noch hiel ferfelend wurde, want dan komst mei de wetterhúshâlding yn 'e knipe. Kinst it wetter net mear maklik ôffiere."
Dat gjinien yn it doarp no neat fernimt fan de gaswinning, betsjut ek dat it beslist net it praat fan de dei is yn Burgum. "As it yn it nijs is, dan ha we it der wol oer. Minsken binne ek wol bliid mei it beslút. Mar gjinien leit der wekker fan."