Kapasiteitsproblemen elektrisiteitsnet noch slimmer as earder tocht

De kapasiteitsproblemen op it elektrisiteitsnet yn Fryslân binne noch alarmearjender as earder tocht waard. As der net gau wat feroaret sit hiel Fryslân 'op slot', seit netbehearder Liander.
Liander leit yn it WTC-gebiet nije buizen oan © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De problemen reitsje foarearst benammen bedriuwen en ûndernimmers, mar ek lytse duorsume inisjativen. Dat hat net allinnich grutte ekonomyske gefolgen: de duorsumheidsambysje fan Fryslân stiet ek ûnder druk.
Er zijn nog veel meer knelpunten bijgekomen.
Peter Hofland (Liander)
De measte kapasiteitsproblemen kin Liander pas oer in pear jier ferhelpe. Wiene der de ôfrûne maitiid benammen problemen by Ljouwert en It Hearrenfean, no sit eins de hiele provinsje op slot. "Er zijn nog veel meer knelpunten bijgekomen", fertelt Peter Hofland fan Liander.
Dat betsjut dat nije boarnen fan enerzjy lykas wyn- en sinneparken oant dy tiid wachtsje moatte. De fraach is oft Fryslân de Regionale Energie Strategie (RES) dan noch wol hellet. Dêryn is ôfpraat dat de provinsje yn 2030 trije terawattoere oan elektrisiteit sels opwekke moat. Dat is trije miljard kilowattoere.

Bedriuwen wurde bypraat: situaasje knipend

Bedriuwen yn Fryslân dy't in soad elektrisiteit nedich ha, wurde op it stuit bypraat oer de knipende situaasje. Dy is te ferdielen yn twa kategoryen: it leverjen fan stroom en it weromleverjen fan bedriuwen oan it net troch bygelyks sinne- en wynenerzjy. Foar dy earste jildt sowieso dat der sawat gjin kilowatt mear by kin.
It giet om de saneamde 'grutferbrûkoanslutingen'. Dat binne oanslutingen fan grutter as 3x80 ampêre. Ynkoarten folgje nije resultaten fan in ûndersyk fan Tennet. Sy besykje mei 'managementcongestie' te sjen hoe't sy romte meitsje kinne.
"Tegen een vergoeding worden wind- of zonneparken dan tijdelijk uitgeschakeld", seit Hofland. Sa ûntstiet der efkes romte op it grôtfolle net. It is lykwols net dúdlik oft dat helpt. "In het ergste geval niet."

Opwurdearring fan it net yn 2025 klear

Foar de fraach nei elektrisiteit is in folsleine opwurdearring fan it besteande elektrisiteitsnet nedich. Net allinnich hjir, mar bygelyks ek yn de Noardeastpolder.
Op 37 plakken giet takom jier de skeppe de grûn yn. Dêrfoar moatte der 300 elektrisiteitshúskes by komme dy't Liander 'compacte stations' neamt. Der wurdt 2.100 kilometer kabel oanlein. It wurk moat yn 2025 klear wêze.
Wurksumheden Liander © Liander
In foarbyld is it gebiet súdlik fan Ljouwert dat fan it Van Harinxmakanaal ôf oant en mei de noardkant fan Wytgaard rint. Likegoed foar it ôfnimmen fan elektrisiteit as foar it weromleverjen fan opwekte enerzjy jildt dêr dat de maksimale grinzen fan it ferdielstasjon berikt binne. In swierder stroomnet is pas pland yn de rin fan 2027.
De doelstelling út it Klimaatakkoart is om yn Nederlân 35 terrawattoere oan nije enerzjy op te wekken yn 2030. Fryslân sil dêr trije terrawattoere oan bydrage. Dat is trije miljard kilowattoere (kWh).