Friezen it benaudst foar aktuele gefaren lykas besmetlike syktes

Friezen binne net benaud foar oerstreamings út see wei en oare grutte rampen, mar foar besmetlike sykten en lange stroomsteurings. Dat docht bliken út in beheinde peiling fan de Feilichheidsregio Fryslân ûnder 180 minsken.
© ANP
Oanlieding fan de peiling is it risikoprofyl dat de organisaasje ien kear yn de fjouwer jier oanpasse moat. Yn dat profyl wurde alle mooglike risiko's beskreaun, mei de aksjes dy't dêrby nedich binne. Tink bygelyks oan opskuor, in oanslach, in útbraak fan in besmetlike sykte of in oerstreaming.
Dat de diken trochbrekke en dat Fryslân ûnder wetter komt te stean sil net gau foarkomme. Ek ek de kâns op in ûngelok mei in fleantúch of in grut skip is net wat dêr't Friezen harren fuortendalik soargen oer meitsje. Mar fan in besmetlike sykte lykas corona of in lange stroomsteuring, sjogge Friezen wol it risiko fan yn.

Benaud foar aktuele gefaren

Neffens Sytske Balt, kommunikaasjeadviseur Feilichheidsregio Fryslân binne de minsken it bangst foar dingen dy't aktueel binne. Dat ferklearret dat de eangst foar besmetlike syktes boppeoan stiet. In oerstreaming fan see út seit de minsken net safolle, want se rinne net it risiko dat se dat meimeitsje sille.
wetteroerlêst yn Grou © HV Nieuws

Cybercrime en klimaat

It risikoprofyl wurdt alle fjouwer jierren oanpast omdat de wrâld feroaret. Risiko's feroarje ek en dêr moat in krisisorganisaasje op ynspylje, seit Balt. Wat no bygelyks mear spilet binne gefaren dy't mei cybercrime of it klimaat te krijen hawwe, mar ek de ferhurding yn de maatskippij.

Radio op batterijen

De Feilichheidsregio stiet yn kontakt mei partners om te foarkommen dat dingen net misgean, lykas langduorjende stroomútfal. Balt hat foar dat lêste ek noch wol in advys: hâld in radio op batterijen achter de hân. As de stroomútfal lang duorret, kinst op in stuit ek net mear de telefoan oplade. Dan sitst sûnder ynformaasje. Mei in radio op batterijen kinst dochs oan ynformaasje komme.

Flessen wetter

Yn de peiling sei mar 27% fan de respondinten dat se dat hawwe. En mar 48 % hat flessen wetter yn de hûs, wat wol handich by in wettersteuring.