Opfang fan flechtlingen yn Fryslân: "Op koarte termyn net wat ekstra's"

Fryslân hat mei de opfang foar 1.250 minsken yn Ljouwert, Balk en Heech foarearst in wichtige bydrage levere oan de flechtlingekrisis, fynt Arno Brok. "Der binne ek gemeenten wêrby't it noch wat mear tiid freget om te ûndersykjen oft der ekstra mooglikheden binne", seit de kommissaris fan de Kening. Op koarte termyn bliuwt it hjir by.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
Demisjonêr minister Ferd Grapperhaus en de gemeente Westerwolde kamen dizze wike mei in needgjalp foar mear opfangplakken foar asylsikers. Yn it oanmeldsintrum yn Ter Apel moasten tiisdeitenacht 750 flechtlingen de nacht trochbringe, wylst der mar plak foar 275 minsken is. Op 'e nij wurde oare gemeenten om help frege.

'Net wat ekstra's boppe it ekstra's'

"Op koarte termyn tink ik dat je de konklúzje lûke kinne dat der noch net wat ekstra's boppe it ekstra's bykomme sil. Mar wy kinne altyd sjen wat der mooglik is", seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. "Mei de 1.250 plakken ekstra jout Fryslân in wichtige, sa net heechste bydrage fan de provinsjes yn ús lân."
As alle provinsjes no ekstra kapasiteit beskikber stelle, dan is it akute probleem yn Ter Apel der ek net mear.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Brok is foarsitter fan de provinsjale rezjytafel en wurket yn it flechtlingefraachstik gear mei Fred Veenstra, de foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten. Op dit stuit binne yn Fryslân 600 plakken yn Ljouwert, 500 plakken yn Balk en 150 plakken yn Heech regele. "As alle provinsjes no ekstra kapasiteit beskikber stelle, dan is it akute probleem yn Ter Apel der ek net mear."

Probleem fan it hiele lân

Wol seit Brok dat de situaasje yn de iene provinsje net te ferlykjen is mei dy yn in oare provinsje. Faak is der bûten de Rânested mear mooglik wat de aard en skaal oanbelanget, sa konkludearret hy.
Flechtlingen yn Ter Apel © ANP
"Mar de totale omfang fan de problematyk en de trochstream is in probleem fan ús hiele lân. Wêrom't de azc's fol sitte is om't de minsken dy't al in status krigen hawwe, net trochstreame kinne nei huzen." Dat is in probleem fan it Ryk, seit Brok. "Soks is net op te lossen troch ien provinsje."

11 fan de 18 gemeenten

Begjin septimber die út in oerlis bliken dat mear Fryske gemeenten ree binne om opfang te regeljen. "Ut dat oerlis kaam dat 14 fan de 18 gemeenten yn begjinsel reewillich binne om te sjen nei wat de ekstra mooglikheden binne. Ik stel fêst dat ús boargemasters ûntfanklik binne foar de diskusje dy't der leit."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok