HEA! René wurket 25 jier by de baas
René de Graaf wurket al 25 jier by Taxi Moll op De Gordyk. Hy himmelet de auto's yn de waskstrjitte en by it tankstasjon en docht dat mei in soad nocht en wille. René hat it syndroom fan Down. It bedriuw is tige wiis mei him en syn jubileum wurdt dan ek grut fierd.