Bushalte treinstasjon De Westereen mei opheffing bedrige: "Aanst 2 km rinne foar de bus"

Ynwenners fan De Westereen en omkriten moatte aanst 2 km rinne om mei de bus te kinnen. Dat is ûnakseptabel fynt Doarpsbelang. De provinsje wol de halte Noarder Stasjonsstrjitte by it treinstasjon opheffe.
© RTV NOF
De bus en trein op De Westereen moatte ek yn de takomst opinoar oanslute, fynt Doarpbelang. De provinsje sei earder dat de bus net mear troch it sintrum komme soe, mar no soe er ek net net by it treinstasjon komme. Doarpbelang is bot teloarsteld en hat in brief nei de provinsje stjoerd.

Iennige bus

It giet om bus 62 fan Ljouwert, oer De Westereen nei Kollum en Bûtenpost. It is de iennige bus dy't De Westereen oandocht, fertelt Tjipke Postma fan Doarpsbelang.
De bus hat fiif halten yn it doarp. Dêrfan wurde twa fan opheft, de haltes Tsjerkestrjitte en Skoallestrjitte. Dêr is Doarpsbelang it mei iens, want dat past by de plannen it doarp autolij te krijen.

2 km rinne

Mar it opdoeken fan de halte Noarder Stasjonsstrjitte is ûnakseptabel foar de doarpsorganisaasje. "Minsken út Sweagerbosk, Twizelerheide en súdlik-De Westereen moatte aanst 2 kilometer rinne as se mei de bus wolle". seit Postma.
It wurdt ek in probleem foar skoalbern en statushâlders út de omlizzende doarpen dy't op De Westereen boadskippen dogge. Dy stappe no yn en út de bus yn de Skoallestrjitte of se komme mei de trein. As de halte Skoallestrjitte fuort is, is de Noarder Stasjonsstrjitte in goed alternatyf, mar dan moat by wol bliuwe, fynt Doarpsbelang.
In wike letter krigen we in kille e-mail dat dizze halte ek komt te ferfallen.
Tjipke Postma, Doarpsbelang De Westereen
Yn it brief skriuwt Doarpsbelang De Westereen dat se der muoite mei hawwe de provinsje as betroubere oerheid te sjen. Postma: "Yn in foaroerlis foar de werynrjochting fan it doarp hat der oerlis west fan Doarpbelang en de gemeente mei de provinsje. Doe hawwe wy al oanjûn dat wy dizze halte beslist behâlde wolle. Dêr hiene wy oerienstimming oer mei de gemeente. Der binne amtlike tasizzingen dien. En in wike letter krigen we in kille e-mail dat dizze halte ek komt ek te ferfallen. Dat is foar ús ûnakseptabel."
Doarpsbelang wol dat de halte Noarder Stasjonsstrjitte bliuwt ek omdat dy in soad brûkt wurdt. Trijetûzen oerstappen yn it jier, sa skriuwe se yn it brief oan de provinsje.
Tjipke Postma fan Doarpbelang De Westereen