Oeral minder flinters fan jokterûp, útsein yn Fryslân

It tal ikeprosesjeflinters is dit jier yn hiel Nederlân minder wurden, mei útsûndering fan Fryslân. Yn ús provinsje is gjin ferskil metten.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Benammen yn it suden is der in grutte delgong yn it tal flinters. Dat der minder flinters binne, wol noch net sizze dat de ikeprosesjerûp ferdwynt, seit it Kenniscentrum Eikenprocessierups op Nature Today.
De ikeprosesjerûp, dy't foar in soad oerlêst soarget, wurdt yn de rin fan de simmer in flinter. Dizze simmer binne 51.000 fan dy flinters fongen. Dat is 40 prosint minder as yn 2019 en 67 prosint minder as yn 2018. Fan 2020 binne der gjin sifers, omdat der doe wat misgongen is mei it mjitten.
Yn de súdlike provinsjes is it tal flinters 85 prosint minder as yn 2019. Yn it noarden is de delgong, mei útsûndering fan Fryslân dus, 20 prosint.

Ferskate ferklearringen

Neffens it kennissintrum binne der ferskate ferklearringen foar de delgong yn it tal flinters: de kâlde maitiid, de wiete augustusmoanne, in rappe bestriding fan de rûp en mear natuerlike fijannen.
"Enerzijds zijn Fryslân en de noordelijke provincies wat later aan de bestrijding begonnen dan in het zuiden", leit Arnold van Vliet út. Hy is biolooch oan de Wageningen Universiteit en foarsitter fan it Kenniscentrum Eikenprocessierups. "En daarnaast waren de weersomstandigheden heel bijzonder: april en mei waren heel koud, maar eind maart nog heel warm. Daardoor waren de rupsen minder kwetsbaar."
Arnold van Vliet
Neffens him moatte gemeenten rekken hâlde mei in 'substantiële plaagdruk' en soene sy op tiid maatregels nimme moatte. De bêste bestriding fan de ikeprosesjerûp is neffens Van Vliet in kombinaasje fan fûgels en slûpbijen.

Jokterûp noch net fuort

It is wol bekend dat ikeprosesjerûpen har in pear jier rêstich hâlde kinne en dêrnei wer opdûke, sizze saakkundigen. It wol dus no noch net sizze dat de jokterûp ferdwynt út Nederlân.