Waadfûgels by De Westhoek krije gjin help fan stopljocht

Der komt gjin stopljocht yn of by de kwelder fan De Westhoek. Dat seit projektlieder Arnold van Kreveld fan Vogelbescherming Nederland, dy't mei omwenners en natuerorganisaasjes in oplossing siket foar de fersteuring fan waadfûgels by heech wetter.
Besikers oan De Westhoek ûnderweis mei klapstuollen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Tûzenen fûgels komme op dit plak byinoar. Mar omdat minsken it moai fine om dat fan tichteby te besjen, komme sy geregeld yn de kwelder.
De fersteuring dy't dy besites feroarsaakje, kostet de fûgels in soad enerzjy, omdat der eins gjin goeie alternativen binne yn de omjouwing fan it hege wetter. Der wurdt wol neitocht oer in systeem dat de besikers warskôget dat it op dat stuit gjin goed idee is om de kwelder op te rinnen. Mar hoe't dat systeem derút sjen moat, is noch net útfûn.
In grut, read stopljocht wurdt it yn alle gefallen net. "Dat vinden we niet passend", seit Van Kreveld. Ut de provinsjale polityk wei binne hjir ek earder fragen oer steld. Dêr waard ek sein dat it mooglik better wie om minsken goed foar te ljochtsjen oer wat der wol en net kin.

Bettere balâns

"Een echt verkeerslicht zou wel duidelijk zijn, maar dat is niet de bedoeling", seit Van Kreveld. "We willen een betere balans vinden tussen de periodes dat vogels in de kwelder zijn voor rust en de momenten dat volgens niet in de buurt zijn en mensen alle ruimte kunnen krijgen."
Dy ynformaasje is no lykwols ek al beskikber, want der stiet in ynformaasjeboerd by de kwelder. In soad minsken kuierje dêr lykwols foarby, is no de ûnderfining. Ek omdat it boerd net op in hiel gaadlik plak stiet. "Er staan vaak auto's voor geparkeerd."

Oplossing ynternasjonaal tapasber

Dochs giet de syktocht nei in oplossing troch. "Het is ook een pilot", seit Van Kreveld. "Wat we hier doen, kan dan ook op heel veel andere plekken gebruikt worden. Niet alleen in Nederland, want dit probleem speelt ook internationaal op veel plekken."
De hoop is dat der yn de maitiid fan takom jier in oplossing is.