COA krijt skippen út Ljouwert foar opfang fan asylsikers

It Ljouwerter bedriuw Slaapschepen.nl helpt it COA by de opfang fan asylsikers. It bedriuw, dat gewoanwei as boekingskantoar foar sjarterskippen optreedt, hat yntusken in earste skip lizzen yn ien fan de havens fan Rotterdam.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
It giet yn Rotterdam om in passazjiersskip dat gewoanwei reizen oer de Rijn makket. It hat foarsjenningen as in salon, keuken en restaurant en der binne oan board in sechtichtal hutten. Neffens direkteur Mark Jongedijk fan Slaapschepen.nl is it de bedoeling dat der op syn meast njoggentich asylsikers opfongen wurde op it skip.
Slaapschepen.nl is troch it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) frege om it skip te regeljen foar de opfang. "Se belje ús en dan dogge wy ús ding en leverje it skip. Dat is yn wêzen wat wy oars ek dogge, wy leverje ek skippen oan oare klanten."
Op dit stuit leit der bygelyks in skip by de Ofslútdyk, as ûnderdak foar it personiel dat dêr oan it wurk is.

Mear ynset

Jongedijk giet derfan út dat de kommende tiid mear fan syn skippen ynset wurde sille. Konkrete ôfspraken dêroer binne der lykwols noch net. "Wy hawwe in tsiental skippen dy't wy ynsette kinne as der in oanfraach komt." In diel dêrfan sil fan 't maitiid wol wer beskikber komme moatte foar oare opdrachtjouwers.
It skip yn Rotterdam is yn earste ynstânsje foar op syn meast trije moannen hierd. It personiel dat op it skip ynset wurdt, wurdt regele troch it COA of de gemeente Rotterdam. Wol leveret Slaapschepen.nl in tal technisy dy't ferstân hawwe fan it skip.
Direkteur Mark Jongedijk oer it skip yn Rotterdam