Jorrit Bergsma makket fan 5 kilometer 'spearpunt' yn olympysk seizoen

20 okt 2021 - 06:23

"Ik bin better as ea", seit Jorrit Bergsma by de presintaasje fan syn Team Zaanlander tsjin presintator Rintje Ritsma. De Boarnster liket derfan te skrikken en nuansearret it fuortendaliks. "Ik bin better as de ôfrûne jierren, bedoel ik."

Jorrit Bergsma yn petear mei Rintje Ritsma - Foto: Orange Pictures

Oardel wike foar it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen, de offisjele ôftraap fan it langebaanseizoen, presintearret de ploech fan coach Jillert Anema him yn Thialf. Jorrit Bergsma en Irene Schouten lûke de oandacht yn de ploech fan Anema.

Bergsma soarget mei Marijke Groenewoud, Tjerk de Boer en Ids Bouma foar de Fryske ynbring by Zaanlander. Dy lêste twa riders binne nij en oerkaam fan respektyflik Team IKO en it Gewest Fryslân.

It fertrouwen is grut by Bergsma oan de foarjûn fan it olympyske seizoen. Hy is dus better as de ôfrûne jierren, seit er sels. Wêroan fernimt Bergsma dat? "De manier fan riden en de macht dy't ik fiel. De ôfrûne wiken gie it kresjendo en ik ha der wol fertrouwen yn."

De Boarnster hopet yn Peking aktyf te wêzen op de 5.000 en de 10.000 meter en de massastart. Dy earste ôfstân hat dizze simmer wat mear omtinken krigen. Dat wie ek nedich, om't Bergsma der it ôfrûne seizoen by it NK ôfstannen fjirde op waard en by it kwalifikaasjetoernoai tredde.

5 kilometer as 'spearpunt'

Coach Anema leit út: "Hy rydt syn bêste tiden op de 3 en de 10 kilometer. Dan moat de ôfstân dy't dertusken sit, ek better wurden wêze. Dêr hat er problemen mei."

De reedrydcoach fan Bontebok wit wol wêr't dat oan leit: "Hy wol te graach. Op de 10 kilometer is it dan makliker om dyn rêst te pakken foar him. Op de 3 kilometer slagget er dêr ek poerbêst yn. Dit jier is de 5 wer in spearpunt foar ús."

Bergsma wol it gjin spearpunt neame, mar jout wol ta dat der by de trainingen mear omtinken jûn wurdt oan de 5 kilometer. "Ik ha ek it gefoel dat dy better rint as de ôfrûne jierren. De 10 rûn ôfrûne jierren wol, de 5 krekt net. Ik ha it gefoel dat it mear yn lykwicht is. We moatte sjen wat it wurdich is."

Team Zaanlander - Foto: Orange Pictures

Njonken de 5 en de 10 kilometer hopet Bergsma ek de massastart ride te kinnen op de Olympyske Spelen. "Ik moat soargje dat ik my yndividueel pleats. As ik dat doch, wol ik ek wat moais sjen litte op de massastart", fertelt de 35-jierrige reedrider.

Bergsma rydt oer oardel wike it NK ôfstannen as earste langebaanwedstriid. Dêr leit lykwols net de pyk. "Fansels pakke je in titel of in medalje mei, as je dy meipakke kinne. It wichtichste is dat we ús pleatse foar de wrâldbekers en in goeie earste perioade ride kinne. En tawurkje kinne nei it OKT."

Anema hat dêr wol fertrouwen yn, mar wit dat Bergsma gjin stekjes falle litte kin. "De prestaasjetichtheid is ôfgryslik heech yn Nederlân. Mar Jorrit is motivearre en hat in strak seizoen ôfwurke oant no ta."

Marijke Groenewoud moat oan de bak om har te pleatsen foar de Spelen:

It giet by Zaanlander faak oer Bergsma en Schouten, mar ferjit ek Marijke Groenewoud net. De Hallumse waard it ôfrûne seizoen de ferrassende wrâldkampioene op de massastart. Se kin har titel dit jier net ferdigenje, om't der gjin WK ôfstannen plakfynt yn ferbân mei de Olympyske Spelen.

Groenewoud soe har mar al te graach sjen litte op de Spelen as wrâldkampioene op de massastart, mar it kin samar dat se der net by is. Om je te pleatsen foar de Spelen, moatte je jesels nammentlik op de matriks ride op it olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT).

De matriks is in list dy't reedrydbûn KNSB opstelt en oan de hân dêrfan wurdt dúdlik wa't der nei Peking ta meie. De eksakte matriks is noch net bekend, mar nei alle gedachten stiet der mar ien plak foar de massastart op dy matriks. De twadde rider foar de massastart wurdt dan oanwiisd út de riders dy't harren fia dy matriks pleatst hawwe foar de losse ôfstannen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)