Kringloopwinkel Koudum yn pear dagen asbestfrij: "Enoarm oan it wurk west"

19 okt 2021 - 22:42

Sa'n fyftich frijwilligers binne sûnt moandei dwaande om de kringloopwinkel yn Koudum te ferbouwen. Tongersdei giet de winkel al wer iepen. Asbest yn it dak wie de haadreden foar de ferbouwing.

Sjoch hjir hoe't de winkel der no útsjocht:

Der komt troch de ferbouwing in ferdjipping by. De saken binne no goed foar inoar. Trije jier lyn kaam de kringloopwinkel noch yn de publisiteit, omdat se ynienen grof jild betelje moasten oan de gemeente Súdwest-Fryslân foar it ôffieren fan ôffal. It doarp kaam yn aksje om dat op te kearen. Oars hie it de ein west fan de kringloopwinkel.

De namme is ek feroare fan 'Emmaus' yn 'Op 'e Nij'. Frijwilliger Jeanet Metzlar fertelt dat se yn in pear dagen tiid in ferskriklik soad dien hawwe. "We ha der in hiele ferdjipping by krigen en it dak is fernijd. Der is allegear isolaasje oanbrocht, nije goaten en nije flierbedekking. We ha enoarm oan it wurk west."

(Advertinsje)
(Advertinsje)