Testen voor Toegang kin wer op alle Fryske Waadeilannen

19 okt 2021 - 22:25

Op alle Waadeilannen is no wer in testlokaasje foar Testen voor Toegang iepene. Earder moasten ynwenners fan guon eilannen har op it fêstelân teste litte.

Foto: RTV NOF

Doe't yn septimber úteinset waard mei Testen voor Toegang, moast in testlokaasje foar elkenien yn de buert wêze. Foar guon plakken yn Fryslân wie dat lykwols net it gefal. Op Flylân en Skiermûntseach wienen ek gjin testlokaasjes.

Alegria nimt no yn opdracht fan Stichting Open Nederland de testlokaasjes op alle eilannen foar har rekken. Dat betsjut dat ynwenners fan de Waadeilannen foar in QR-koade net mear ôfhinklik binne fan lange reistiden.

Boargemaster Caroline van der Pol fan Skylge is dan ek bliid dat der ek op har eilân wer test wurde kin.

"Het is georganiseerd vanuit de overheid en dat het bedrijf dat de testen uitvoert enigszins sputtert, kan ik me wel voorstellen. Ze worden namelijk per test betaald en de ene dag heb je er nul en de andere dag veertien. Maar ook die veertien is natuurlijk niet kostendekkend. Maar, ik hecht wel heel veel waarde aan zo'n testlocatie."

De testlokaasje op Skylge is by de E10 yn Midslân.

Boargemaster Caroline van der Pol fan Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)