Topdrokte by houtbedriuwen: "Sa helje wy de krystdagen net"

19 okt 2021 - 21:57

It is smoardrok by de Fryske houtbedriuwen. Troch de strange winter fan ferline jier en de hege gasprizen is der mear fraach nei hout en pellets foar yn de kachel. It is sels sa slim, dat de foarried by guon Fryske houtbedriuwen gau op rekket.

Topdrokte by houtbedriuwen:

By Haardhout Ferwert stiet noch wol wat hout, mar it rekket gau op, fertelt eigener Hanneke Jouta. "Wy kinne noch efkes foarút, mar it is noch nea sa drok west om dizze tiid fan it jier as no."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Dat jild ek foar Pellets2burn. Lieuwe Woudstra hat drok dwaande west om de loads fol te krijen. "Wy ha de hiele simmer trochkocht. No sit der somtiden sels in levertiid op pellets." Beide bedriuwen sjogge in soad nije klanten.

Strange winter en hege gasprizen

De grutte fraach nei hout foar yn de kachel hat ferskate oarsaken. Ferline jier wie in strange winter, seit Jouta. "Wy wiene op in gegeven momint útferkocht, dus ik tink dat minsken no wol soks ha fan 'dat moat ús net wer gebeure, dus litte wy der mar op tiid by weze'."

Ek it ferheegjen fan de gasprizen spilet in grutte rol, tinkt Jouta. "Ik hear dy lûden wol om my hinne. As je dan in houtkachel ha, sizze je miskien 'litte wy dit jier de houtkachel wat faker oan dwaan'."

Drokte by de houthannels

Jouta hat it idee dat de fraach nei hout alle jierren grutter wurdt. "Wy fernimme ek krapte op de merk. It is foar ús dreech om oan hout te kommen. Dat fernimt Woudstra ek: "Wy sjogge de prizen ek omheech gean. Dat moatte wy wol trochberekkenje oan de klant."

"As de leveransiers harren oan de ôfspraken hâlde, dan komt der aanst ek wer in hiele partij binnen", seit Jouta. "Mar dat rint soms ek wol wat oars, dus it bliuwt spannend. As it yn dit tempo trochgiet, dan helje wy de krystdagen ek net."

Mear útstjit

Net eltsenien is wiis mei de tanimming oan it houtkachelgebrûk. "Dit is niet goed voor onze zaak", seit Ronnie Pieters fan Friezen voor Frisse Lucht. Dizze beweging pleitet foar mear regels foar houtkachel- en allesbrannergebrûk. "Ik verwacht dat er meer niet gebruikte of oude kachels en open haarden weer in gebruik worden genomen door de stijgende energieprijzen", seit hy.

In tebeksetter foar de beweging. "Wij zijn triest gestemd als we zoiets horen. Tegelijkertijd krijgt de zaak waar we voor staan wel publiciteit: je krijgt ook meer discussie over de vraag of hout stoken nu de oplossing is voor het energieprobleem."

Ronnie Pieters fan de beweging Friezen voor Frisse Lucht

(Advertinsje)
(Advertinsje)