Skyldpodde-opfang De Harkema hâldt fuortendaliks op mei ynsammeljen klean

19 okt 2021 - 20:31

De skyldpodde-opfang op De Harkema hâldt fuortendaliks op mei it ynsammeljen fan klean en skuon foar Stichting DierenLot. De opfang docht dat omdat der te folle oar guod yn de kleankontener smiten wurdt.

It giet dan om hússmoargens, mar ek om dekbêden en smoarge klean. Neffens de opfang komt dat omdat der sûnt dit jier by de miljeustrjitte betelle wurde moat foar soksoarte ôffal.

Gefolch is dat de opfang no sân kear in restôffalkontener leegje litte moast. Dat kostet de skyldpodde-opfang mear jild as dat it opsmyt.

Skyldpod op it terrein fan de opfang - Foto: Skyldpodde-opfang Nederlân op De Harkema

De minsken fan de skyldpodde-opfang fynt it spitich dat se no ophâlde moatte mei it ynsammeljen fan klean. "It wol hiel rot. We ha dit sa'n seis of sân jier dien, mar troch al it ôffal yn de kontener kostet it ús gewoan te folle jild", fertelt Gerard van der Wijk fan de opfang.

(Advertinsje)
(Advertinsje)