Psychiaters tsjin soarchfersekerders: "Wy kinne ús wurk net mear goed dwaan"

19 okt 2021 - 19:30

Selsstannige psychiaters yn Nederlân liede de needklok. Se ha noed oer it fuortbestean fan harren praktyk, no't de grutte soarchfersekerders harren rekkens foar behannelingen net mear folslein útbetelje wolle. Foar psychiater Haye bij de Weg út Ljouwert is de maat ek fol. Hy is ien fan de tsien Fryske psychiaters mei in selsstannige praktyk.

Selsstannige psychiaters yn protest tsjin soarchfersekerders:

Fan de fergoedingen dêr't de psychiaters rjocht op hawwe, wurdt gemiddeld 75 persint útbetelle. De soarchfersekerders wolle eins dat de selsstannige psychiaters harren praktyk opjouwe en yn fêste tsjinst komme by grutte soarchynstellingen as de GGZ. Dat soe neffens Bij de Weg negatyf útpakke foar de heechkomplekse soarch, mei lange wachtlisten as gefolch.

Komplekse gefallen

Neffens de soarchfersekerders soene selsstannige psychiaters benammen by komplekse gefallen tekoartsjitte. "Dat is gewoan net wier", seit Bij de Weg. "Wat kompleks is, hoecht net altyd troch tsien ferskillende minsken yn in team behannele te wurden. Soms is dat hielendal net effisjint en is it hiel noflik dat minsken ien persoan ha, in psychiater. En in psychiater is in dokter, kin medikaasje foarskriuwe en is ek in psychoterapeut."

Haye bij de Weg - Foto: Omrop Fryslân

Yn syn praktyk behannelet Bij de Weg sa'n 220 pasjinten, minsken dy't by de GGZ net terjochte kinne. Benammen jongeren oant 30 jier klopje oan by him. As hy troch de twingende maatregels de doarren slute moat, soe der yn de soarchferliening in gat falle.

"Ik sjoch hjir soms jongeren dy't yn in ynstelling west ha, en dan sizze se 'ik ha dêr yn seis moannen seis ferskillende minsken sjoen'. Want elkenien hat in oare funksje of se gean op fakânsje of mei ferlof", seit Bij de Weg.

Preemje ûnbetelber

Soarchfersekerder De Friesland wol lykwols fan gjin omstean witte. Neffens wurdfierder Rob Propsma soene se alle partijen likefolle finansjele middels jaan wolle, mar soe dat de preemje ûnbetelber meitsje.

"We hebben een probleem bij de grotere GGZ-instellingen als het gaat om de arbeidsmarkt. En daar spelen we nu op in, door dat financieel aantrekkelijker te maken. Daar worden ook de zwaardere, complexere situaties besproken en daar past ook een andere financiering bij. En dat is waar wij de focus op leggen."

Rob Propsma - Foto: Omrop Fryslân

En dêrmei makket De Friesland in flater, fynt Bij de Weg. Ut in ûndersyk mei De Friesland hat in pear jier lyn bliken dien dat just selsstannige psychiaters effisjint wurkje kinne, wylst de soarchferliening wol persoanlik bliuwt.

Bij de Weg hat fanwege de maatregels besletten om syn praktyk ôf te bouwen. "It betsjut dat wy ús wurk net mear goed dwaan kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)