Fenna Kalma oproppen foar WK-kwalifikaasjeduels Oranje

Fuotbalster Fenna Kalma fan Haskerhoarne is oproppen foar Oranje. Se sit by de seleksje foar de WK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Syprus en Wyt-Ruslân.
Fenna Kalma trainde tiisdei al mei © Orange Pictures
Kalma ferfangt de blessearre Lineth Beerensteyn, dy't oanfanklik by de seleksje siet. De oanfalster fan Bayern München hat in ankelblessuere oprûn.
De 21-jierrige Friezinne Kalma spilet by FC Twente en hat har debút foar Oranje noch net makke. Se hat wol earder by de seleksje sitten, mar krige doe gjin minuten.

Fjouwer Friezinnen

Kalma is net de iennige Friezinne by de seleksje: Sherida Spitse, Sisca Folkertsma en Kerstin Casparij wienen al oproppen.
Nederlân spilet kommende freed yn Larnaca tsjin Syprus. Oer in wike is Wyt-Ruslân de tsjinstanner yn Minsk.
Nei twa WK-kwalifikaasjewedstriden hat Oranje fjouwer punten.