Hearrenfean ferkeapet earst gjin kaarten foar útwedstriid tsjin NEC

sc Hearrenfean ferkeapet foarearst gjin kaarten foar de útwedstriid tsjin NEC. Snein stoarte in tribune fan it stadion fan NEC yn.
© Orange Pictures
Hearrenfean spilet op 6 novimber tsjin de klup út Nijmegen. "Het is nog onduidelijk wanneer het stadion van de Nijmegenaren weer gebruikt kan worden en op welke wijze", skriuwt Hearrenfean.
De problemen yn it Goffertstadion dienen har foar yn it útfak. Nei de wedstriid wienen de supporters fan Vitesse oan it springen om de oerwinning te fieren. Doe stoarte de tribune foar in part yn.
It ynstoarten waard opfongen troch in kontener © Orange Pictures
Dat de skea beheind bleau, kaam troch in kontener dy't ûnder de tribune stie en de klap opfong.
Tiisdei is besletten dat it stadion foarearst ticht moat. Omdat noch net bekend is wat de oarsaak fan it ynstoarten is, komt der in ekstern ûndersyk. Oant dy tiid bliuwt it stadion yn alle gefallen ticht.

Eksterne lokaasje

Oft de wedstriid NEC - sc Hearrenfean yn it stadion spile wurdt, is noch ôfwachtsjen. "Voor ons is het van belang dat er gedegen onderzoek wordt uitgevoerd, waarbij in de toekomst de veiligheid van iedereen in het stadion gewaarborgd moet zijn", seit wurdfierder Nick van der Cammen fan NEC.
"Dit besluit betekent tegelijkertijd dat wij verder gaan kijken naar een externe locatie om tenminste voor de korte termijn onze wedstrijden af te werken. De gesprekken met andere clubs en de KNVB lopen al sinds gisteren, omdat we hier op voorbereid waren."