Strontrace: Sterke Jerke as earste yn Warmond

Healwei de Strontrace is de Sterke Jerke koprinner. It skûtsje kaam flak foar 10.30 oere oan yn Warmond.
De Sterke Jerke op de Kaag, flak foar Warmond © Strontrace
Dat de Sterke Jerke it punt healwei de race as earste berikt, is gjin ferrassing. Twa jier lyn, by de lêste Strontrace, wie de Sterke Jerke ek as earste yn Warmond om it dong ôf te leverjen.
By oankomst yn Warmond waard skipper Pieter Jilles Tjoelker ûntfongen troch wethâlder Heleen Hooij fan Teylingen.
De foarsprong op de nûmer twa, De Verwisseling, is fjirtjin minuten. By oankomst yn Warmond moatte de skippen ferplicht in oere skoft nimme.
Twa jier lyn wûn De Verwisseling úteinlik nei in spannende striid. Dat dy no wer goed meidogge om de winst, is miskien wol in ferrassing: it skip hat in nije bemanning.
It skip dat as earste werom is yn Warkum, dêr't moandei de start ek wie, wint de race en de sulveren brijleppel.