Rykswettersteat wol mear deade walfisken lizze litte op Waad

Rykswettersteat wol strâne deade walfisken faker lizze litte, sadat de kadavers op in natuerlike wize fergean kinne. Dat soe kinne op ferskate lokaasjes by de Waadsee.
Finfisk op Rottumerplaat © The Fieldwork Company
It ôfrûne jier is in deade dwerchfinfisk lizze litten, dat wie doe in útsûndering. It bist spielde yn novimber ferline jier op Rottumerplaat. Musea of ûndersyksynstellingen hienen doe gjin belangstelling foar it deade bist.
Undersikers fan Wageningen Marine Research ha de ûntbining fan it kadaver yn opdracht fan Rykswettersteat yn kaart brocht.

Allinnich noch bonken en hûd

"We hadden gedacht dat het kadaver veel sneller zou vergaan", seit projektlieder Rick Hoeksema fan Rykswettersteat tsjin RTV Noord.
"Maar er waren geen grote zwermen meeuwen of andere aaseters die meteen in het lijk gingen pikken." It duorre wol twa wiken foardat oare bisten yn de gaten krigen dat der in deade finfisk op Rottumerplaat lei doe.
"De vinvis is als het ware heel geleidelijk in de bodem gezakt. Alleen de botten en de huid zijn nog over. Er is geen sprake geweest van een enorme stank, alleen vlakbij het kadaver was de geur merkbaar."
Vergelijk het met dood hout dat je in het bos laat liggen.
Rick Hoeksema (Rykswettersteat)
Rykswettersteat hat de plicht om grutte kadavers - fan fiif meter en langer - te bergjen en te ferneatigjen. "Maar als we streven naar natuurherstel is het beter de kadavers te laten liggen. Eigenlijk is het een soort omdenken. Vergelijk het met dood hout dat je in het bos laat liggen."
It oanspielen fan walfisken gebeurt geregeld. Natuerhistoarysk museum Naturalis hâldt de strâningen by op walvisstrandingen.nl. Ut dy list docht bliken dat sûnt 2010 tsientallen walfisken oan de Nederlânske kust fûn binne.

Skeelt ek jild

It opknappen fan de natuer is net de iennige reden om deade walfisken lizze te litten. Jild spilet ek in rol. "Het opruimen van een kadaver kost, afhankelijk van de grootte, tussen de 20.000 en 50.000 euro", seit Hoeksema. "Als je ze opruimt doe je iets tegennatuurlijks en als het niet hoeft is het zonde van het geld."
Rykswettersteat wol nei de proef op Rottumerplaat prate mei it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit, de natuerbehearders en de belutsen gemeenten oer it plan om mear walfiskkadavers lizze te litten.