Hearrenfean treft ideale skoansoannen: "Zouden met m'n dochters uit mogen"

Sc Hearrenfean treft yn FC Utrecht in ploech dêr't de druk der fol op stiet. De kâns is grut dat de basis fan de klup út de Domstêd sneon op 'e skeppe giet.
Dat fertelt René van den Berg, folger fan de klup foar RTV Utrecht, moandei yn de SportCast. De klup wol de top oanfalle en neffens Van den Berg wurdt yn Utrecht net akseptearre dat de ploech twa kear op rige ferliest.
Ofrûne wykein diene se dat wol, tsjin AZ (5-1), en dêrtroch tinkt Van den Berg dat der revânsgefoelens libje by Utrecht. En dat trainer René Hake wiksels dwaan sil. "Het zijn ideale schoonzonen geworden allemaal. Ze zouden best met m'n dochters uit mogen." Dêrmei doelt Van den Berg op Sander van de Streek en Joris van Overeem.
Dat twatal waard ofrûne wykein ek al yn it skoft wiksele. "Dan komt Ramselaar weer op de 10-positie. Boussaid komt dan op links, dat is een meer behendige speler", seit Van den Berg, dy't ek tinkt dat der yn de ferdigening noch wiksele wurdt foar de wedstriid tsjin sc Hearrenfean.
Perr Schuurs sit noch yn de draaimûne.
Arjen de Boer seach dat Anthony Musaba syn tsjinstanner gek makke.
By de Feansters is it gefoel oars nei it ôfrûne wykein. Der waard lykwols mei 2-0 ferlern fan Ajax, mar Hearrenfean hie kâns op mear. Dat seach ek sportferslachjouwer Arjen de Boer. "As dy 1-1 falt, en dat hie kinnen, dan ûntploft it stadion en komt it publyk derefter. Dan is der in soad mooglik."
Dêrby geniete De Boer it meast fan oanfaller Anthony Musaba. Dy is fluch, behindich en spile ferdigener Perr Schuurs fan Ajax hielendal dûzich. "Musaba is echt in publyksspiler. Schuurs sit noch yn de draaimûne."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
It gefoel by Cambuur is hiel oars. De Ljouwerters kamen fan in kâlde merke thús nei de 1-0 nederlaach by Fortuna Sittard. "Dy earste helte, dêr wie hielendal neat oan", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber.
"As it sintrale duo fan Cambuur de bal hie, giene Seuntjens en Flemming as in gek nei de eigen helte om se dêr op te wachtsjen. Cambuur hat net in soad kânsen kreëarre", konstatearret Faber. De Boer wit de oarsaak: "Dat kaam ek omdat Fortuna Sittard him net út de tinte lokje liet."