Hege gasprizen smite soargen op oer kwetsber Fryslân

De hieltyd heger wurdende gasprizen binne foar fiif Steatefraksjes oanlieding om fragen te stellen foar enerzjyearmoede. Fryslân is dêr gefoelich foar, neffens in resint rapport fan ûndersyksynstitút TNO.
© ANP
Yn Fryslân wenje yn ferliking mei oare provinsjes in soad minsken mei in leech ynkommen yn min isolearre hûzen. In relatyf grut part fan har ynkommen giet nei de enerzjyrekken.
Yn it ûndersyk hat TNO sjoen nei enerzjyearmoede yn Nederlân op nasjonaal en lokaal nivo. Gemeenten as Dantumadiel, Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân en Smellingerlân sitte by de gemeenten mei de leechste ynkommens en tagelyk hûzen mei in relatyf lege 'enerzjykwaliteit'. It rapport is hjir te downloaden.
Ynvestearje yn duorsume maatregels is foar dy groep ek minder maklik te beteljen. De provinsjale fraksjes fan D66, GrienLinks, SP, Partij voor de Dieren en 50PLUS wolle dat de provinsje syn bêst docht om de meast skrinende gefallen fan enerzjyearmoede tsjin te gean.

Grinslân as foarbyld

As foarbyld sjogge de partijen nei de oanpak yn Grinslân. "In Groningen hebben ze een lening in het leven geroepen voor inwoners die minder kredietwaardig zijn", seit D66-Steatelid Danny van der Weijde. "Bij deze lening geldt dat de opbrengst van de besparing altijd hoger is dan de kosten. Een dergelijke regeling maakt het mogelijk voor alle inwoners van onze provincie om mee te doen in de energietransitie."
De fiif partijen freegje Deputearre Steaten om te ûndersykjen oft sa'n liening ek yn Fryslân ynset wurde kin.
Se wolle ek witte hoefolle Friezen oft gebrûk meitsje fan subsydzjes en koarting om har hûs te isolearjen. It moat dêrnjonken dúdlik wurde hoe bot dy regelingen helpe om de enerzjyearmoede yn Fryslân tsjin te gean.