Fytsende frou mooglik besketten yn Ljouwert, plysje siket tsjûgen

18 okt 2021 - 10:47

De plysje yn Ljouwert is op syk nei tsjûgen fan in swiere mishanneling op sneon 2 oktober. Dêrby is in frou mooglik besketten.

Foto: Kappers Media

De frou fytste dy jûn op it fytspaad fan de Boeierstrjitte rjochting de Drachtsterwei. Se wie op wei nei har wurk. Om sawat kertier oer tsienen hearde se in knal. Dêrnei fielde se pine yn ien fan de skonken. Oankaam op it wurk seach se dat se in gatsje yn 'e skonk hie dat behoarlik blette.

De plysje freget minsken dy't de knal ek heard hawwe of dy't oare ynformaasje hawwe oer it foarfal harren te melden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)