Diken, slûzen en keardammen: wêr hat de iel lêst fan?

18 okt 2021 - 09:05

It is in reis fan sa'n 6.000 kilometer, mar op de earste kilometers komme se tal fan obstakels tsjin: de ielen dy't fan Fryslân nei de Sargassosee by Bermuda ta wolle.

Wêr hat de iel lêst fan?

Om te sjen wêr't de fisken tsjinoan rinne, of swimme, jout Wetterskip Fryslân by Wetsens in tal fan de ielen in lytse stjoerder. "Op papier denken we precies te weten hoe het werkt: hoe de vis migreert en waar ze last van hebben", seit Jan Roelsma fan it wetterskip. "Maar we willen kijken of dat in de praktijk klopt."

As se ien kear yn de grutte see binne, falt it wol ta mei dy obstakels. Mar yn it Fryske binnenwetter is dat oars. "We hebben het hele land vol gelegd met dijken. Voor de veiligheid werkt dat prima, maar voor de paling is het een groot obstakel."

Helpe oplossingen?

Om de fisken te helpen, binne der al allegear oplossingen. "Bij de gemalen zijn uittrekpunten gemaakt: het zeewater kan veilig buiten blijven, maar de vis kan doortrekken naar de zee. En bij kleinere obstakels, zoals stuwen, kun je een passage eromheen aanleggen."

In iel - Foto: Shutterstock.com (Rostislav Stefanek)

It sinderjen moat ferdúdlikje yn hoefiere oft sokke oplossingen helpe. "Zo kunnen we ze volgen en kijken hoe ze verder trekken, waar ze blijven hangen, waar ze gebruik van maken en waar ze minder gebruik van maken. Dan kunnen we dat aan gaan passen."

Ferdôving

Om de ielen fan in stjoerder te foarsjen, moatte se earst wol fongen wurde. Dat is noch net sa maklik. "Met beroepsvissers zetten we fuiken en dan halen we er een aantal uit. Die krijgen dan een klein sneetje, onder plaatselijke verdoving. Dan kunnen we een zendertje inbrengen. Ze hebben daar geen last van. We doen het vaker en hebben gevolgd hoe het ging, maar er is nog geen enkele vis aan overleden." Dat moat ek net, want it doel fan de aksje is om de fiskstân sûner te meitsjen.

Mei de stjoerders kinne de fisken mar in lyts stikje folge wurde. "Alleen in ons eigen water", seit Roelsma. "Maar dat is wel het belangrijkste stuk, want op zee heb je veel minder obstakels."

Wannear't it ûndersyk de earste resultaten opsmyt, is noch even ôfwachtsjen. "Dat hangt ervan af hoe snel ze zwemmen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)