Earste Strontrace sûnder Reid de Jong: "Een heel gemis"

Nei in jier ôfwêzichheid is de Strontrace werom. It is foar it earst sûnder Reid de Jong, de betinker en grûnlizzer fan de race. Hy stoar yn novimber ferline jier. "Een heel gemis."
Reid de Jong © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
"Reid was een prachtige kerel", seit Rob Ligtenberg fan it skip Nooit Volmaakt. Ligtenberg docht foar de achttjinde kear mei. "Hij was ook een beetje onze peetvader. Als we straks langs de vuurtoren varen, brengen we hem een groet. En dan zal zijn weduwe er ongetwijfeld staan om ons uit te wuiven."
De groet fan Rob en syn ploech bestiet út in flagge dy't spesjaal meitsje litten hawwe foar Reid. It doek hinget op de Nooit Volmaakt.
Rob en syn ploech fan de Nooit Volmaakt hawwe in spesjale flagge makke foar Reid © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Al is Ligtenberg dus al santjin kear fan Warkum nei Warmond ta fearn en werom, it bliuwt spannend. "Ik slaap slecht de dagen van tevoren. En zeker de laatste nacht. Dan ben je bezig met voorbereidingen: wat gaat de wind doen, welke keuzes ga je maken."
As de float ienkear fuort is, is de spanning ek fuort. "Dan is het actie! Vooral als er een lekker dikke wind staat, dan gaat het vuur weer branden."
Dat is wel vet, maar het wordt een kwestie van overleven.
Bemanningslid Arie van der Staaij hat nocht oan hurde wyn op de Iselmar
Bemanningslid Arie van der Staaij sjocht wat dat oanbelanget al út nei woansdei. "Dan wordt er een harde storm verwacht en we zitten dan waarschijnlijk op de terugweg. We moeten midden in de nacht over IJsselmeer, met dikke wind en hoge golven. Dat is wel vet, maar het wordt een kwestie van overleven."
De skippen by de Strontrace meie fjouwer bemanningsleden mei ha, mar sechstichplussers telle mar foar de helte. Dêr makket Ligtenberg graach gebrûk fan. "We varen met voornamelijk 70-plussers. Dat zijn heel ervaren schippers. Jaren geleden heb ik er al voor gekozen, dan heb je extra veel handjes."
De Strontrace is in sylwedstriid mei de start yn Warkum. De dielnimmers moatte oer de Iselmar nei Warmond ta om dêr dong ôf te leverjen. Dêrnei moatte se werom. Flak nei de Strontrace begjint de Beurtveer: tsjalken en klippers moatte mei passazjiers fan Warkum nei Amsterdam ta en werom. Sûnder de motor te brûken.