Poddestuollen fan Skier smite goed 22.000 euro op foar skatebaan

It feilen fan 31 paadwizerpoddestuollen op Skiermûntseach hat goed 22.000 euro opsmiten. It jild is bedoeld om in skatebaan mei te beteljen.
De poddestuollen fan Skier © VVV Skiermûntseach
De skatebaan is in winsk fan berneboargemaster Thijmen Bouwkamp. Dat wie syn plan doe't er oansteld waard as berneboargemaster.
Dêrby kaam it goed út dat de gemeente Skiermûntseach alle poddestuollen op it eilân ferfongen hat en oan de VVV joech. Dy hat se de ôfrûne goed twa wiken feild. "Wow", seit Monique Talsma fan de VVV oer it bedrach. "22.429 euro!"

Einsprint

It is folle mear as dêr't se op rekkene hie. "Zondagmiddag was het nog rond de 11.000 à 12.000 euro. Toen dacht ik: als we rond de 15.000 euro eindigen, dan zou het prachtig zijn."
Het skatepark is wel heel dichtbij gekomen op deze manier.
Monique Talsma (VVV Skiermûntseach)
Mar it waard dus folle mear. "De veiling sloot om 20.00 uur. Maar als er op het laatste moment nog ergens op wordt geboden, komen er weer een paar minuten bij zodat mensen opnieuw kunnen bieden. Zo zijn er een aantal over de 1.000 euro gegaan. Het skatepark is wel heel dichtbij gekomen op deze manier."
Berneboargemaster Thijmen Bouwkamp mei ien fan de poddestuollen © VVV Skiermûntseach
It measte jild waard útjûn foar poddestoel nûmer 31: 1.601 euro. Wêrom eins, dat wit Talsma ek net. "Eigenlijk staat er niet heel veel bijzonders op. Het is rode paddenstoel, een wat nieuwere. We hadden gedacht dat de witte paddenstoelen met zwarte letters juist hoger zuiden uitkomen. Maar dit was ook een heel mooie hoor. Ik denk dat het een heel mooie lamp gaat worden, of een bijzettafeltje."

Troch hiel Nederlân

It grutste part fan de poddestuollen moat nei de fêste wâl. "Die moeten dus opgestuurd worden. Daar gaan we met z'n allen hard aan werken. Het is wel leuk dat de paddenstoelen van Schiermonnikoog straks verspreid worden door heel Nederland."
Op syn minst ien fan de poddestuollen bliuwt wol op it eilân. Dy is ferlotte ûnder de bewenners fan Skiermûntseach.