Brân yn houten skuorre by bosk yn Hallum

De brânwacht wie sneintejûn yn Hallum om dêr in brân yn in skuorre fan hout te bestriden. De skuorre stiet yn de buert fan in bosk by de Ljouwerterdyk.
© ANP
Der waard opskaald nei middelbrân, om't de brân yn in gebiet wie wêr't de ôfstân ta wetterwinning grut is. De brân wie fluch ûnder kontrôle, mar de skuorre is wol folslein útbrând.