Nij coronastjergefal yn Fryslân, 175 nije besmettingen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 175 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der trije mear as sneon. Doe waarden der 172 besmettingen meld. In ynwenner fan Súdwest-Fryslân is as gefolch fan it coronafirus stoarn.
De testlokaasje fan de GGD yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 140 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 134, in wike lyn op 78.
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân. Der is ek ien Fries mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs.

Lânlik

Lânlik leit it tal nije coronabesmettingen op 3703. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 3377.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.