Ireen Wüst nei foaren skood as kandidaat foar IOC-atletekommisje

Reedrydster Ireen Wüst fan It Hearrenfean is foardroegen foar de atletekommisje fan it Internationaal Olympisch Comité (IOC). Sportkoepel NOC*NSF en de atletekommisje fan de sportkoepel hawwe har nei foaren skood.
Ireen Wüst © Orange Pictures
Oft de 35-jierrige Wüst ek echt plak krijt yn de IOC-kommisje is noch wol de fraach, want der binne twa plakken en der binne 17 gadingmakkers. De twa atleten wurde keazen by de kommende Olympyske Winterspelen yn Beijing. Sa'n 3.000 olympyske sporters kinne dêrfoar in stim útbringe.

Eare

As Wüst keazen wurdt, fertsjintwurdiget se acht jier lang de olympyske atleten. "Het is een eer dat ik ben voorgedragen. Door mijn deelname aan vier Olympische Spelen weet ik als geen ander wat atleten nodig hebben om op het hoogste niveau te presteren", sa hat Wüst ferklearre.
Neffens Hinkelien Schreuder, foarsitter fan de atletekommisje fan NOC*NSF, is Wüst in 'prettige persoonlijkheid' mei in 'groot sporthart.' Mei har iverigens soe sy it ferskil meitsje kinne.