Buro de Vries: Potmarge troch de eagen fan biolooch Niels Schotsman

It gebiet om it rivierke de Potmarge yn Ljouwert hinne is bysûnder, ek foar in biolooch. Niels Schotsman docht ien kear yn it jier in kuier as gids troch de Potmarge. Der is in grut ferskaat oan planten en beammen by it rivierke.
Beammen hingje oer de Potmarge © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Niels Schotsman is sljocht op it gebiet mei syn bysûndere floara en fauna. As je troch de Potmarge kuierje of fytse, dan komme je op in lyts gebiet hieltyd yn ferskillende soarten natuer.
© Simone Scheffer
Eins is de Potmarge ûntstien troch it ferbinen fan ferskate groeven wjitteringen. Troch de bochten liket de wetterwei lykwols natuerlik. Oant it oanlizzen fan it Nije Kanaal wie de Potmarge in wichtige farwei nei it suden fan de provinsje.
Yn it westen slút de Potmarge oan by de súdlike stedsgrêft fan Ljouwert, yn it easten by de Wide Greuns. De Potmarge foarme yn it ferline ek in grins tusken Ljouwert en de gritenij Ljouwerteradiel.

Planten hawwe de romte krigen

De Potmarge wie in ôfwettering fan feangebiet nei de Middelsee, de see-earm dy't fan it hjoeddeiske Bilt nei Snits krolle. Dêrtroch sit der mear kalk yn de grûn as yn oare parten fan de provinsje. Wylst it earder in smoarge stjonksleat wie, is de Potmarge letter skjinner wurden en hawwe planten de romte krigen om te groeien en te bloeien.
Harkje nei biolooch Niels Schotsman: hy liedt dy troch de natuer fan de Potmarge
Der is sompenatuer, der binne der stikjes dy't op it eardere boerelân lykje en der binne ek parten dêr't wylgen en oare beammen swier oer it wetter hingje. In ferstilde omjouwing dêr't fûgels ek de romte hawwe.
In stikje Loosdrecht yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
By de kuiers lit Niels Schotsman minsken de natuer troch harren eigen eagen sjen. It is mar krekt hoe't je binne, seit hy.

Elts syn eigen belibbing

Romantikus, lânskipsbehearder of wittenskipper? Elts hat in eigen belibbing fan de natuer, sa tinkt hy. Elts rakket fansels yn wat hy of sy moai fynt: de romantikus krijt in gedicht yn de holle, de wittenskipper wol de nammen fan planten witte.
Schotsman sels hâldt fan it lânskip. Hy sjocht bygelyks nei hoe't beammen troch de jierren hinne groeie en hokker plant it wol of net oerlibbet.
"Denkend aan Holland zie ik breede rivieren traag door oneindig laagland gaan." Dizze sin út it gedicht Herinnering aan Holland fan Hendrik Marsman wiist op in gefoel dat boppedriuwen komt mei in kuier troch de Potmarge.
Blommen en planten by it soad yn de Potmarge © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Potmarge is yn Fryslân bysûnder, mar net alles is lykwols natuer. Sa ûntduts Schotsman op in gegeven stuit in jong linebeamke. It fernuvere him.

Riedsel

Hy gie nei de gemeente om it te melden: doe die bliken dat de grientsjinst fan de gemeente it beamke út de Ljouwerter Bosk wei oerpleatst hie nei de Potmarge. It riedsel wie oplost. No fûn de biolooch ek in kersebeam. Ek bysûnder, mar oft dit 'spontaan' yn de Potmarge kaam is doart Schotsman net mear te sizzen.
De Potmarge op syn moaist © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
In kuier troch de Potmarge is ien fan aventoeren. In idee dat ûntstie by de kuier yn Buro de Vries is om op guon plakken pealtsjes mei ynformaasje oer de floara te setten: mooglik kin it meinaam wurde yn de plannen dy't de gemeente mei it gebiet hat en dêr't de Ljouwerter befolking oer meitinke kin.
De folgjende ôflevering yn Buro de Vries giet oer dat projekt. Mei Hans Faber fan de gemeente rinne wy dan troch de Potmarge.
Buro de Vries is der alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.