Weromsjen op Rôze Sneon yn Ljouwert: "De boodschap is overgekomen"

Der kamen sa'n 35.000 minsken nei Rôze Sneon, it evenemint foar de akseptaasje fan de LHBTIQ+-mienskip. Dat seit Jan Gaastra fan de organisaasje. Hy is wiis mei hoe't de dei ferrûn is. "De boodschap is overgekomen, dat is mooi om te zien."
Sjoch hjir de gearfetting fan Rôze Sneon werom:
Fryslân hat lang op wachtsje moatten, mar sneon wie it safier. De tradysje fan Rôze Sneon, yn 1979 begûn yn Limboarch, waard ûnder mear fierd mei in boateparade, in tsjerketsjinst en in gigantyske flagge oer De Harmonie. "Foar de hiele mienskip is it prachtich, fansels", seit ien fan de besikers.

Sa'n 35.000 besikers yn de binnenstêd

Jan Gaastra fan de organisaasje is ek wiis mei hoe't de dei ferrûn is. Hy skat it tal besikers op sa'n 35.000 minsken en hat allinne mar entûsjaste ferhalen te hearren krigen. "Ze kwamen allemaal in regenboogkleuren en regenboogvlaggen. Het was mooi om te zien dat alle bezoekers zo enthousiast waren. Er was een heel goede sfeer, geen ongeregeldheden: we hoorden alleen maar tevreden signalen."
"Vorig jaar kon Roze Zaterdag niet doorgaan door corona. Het moest nu ook echt gebeuren", seit Gaastra. "We denken zeker dat de boodschap is overgekomen."