Doelpunt yn blessueretiid ôfkard: Cambuur ferliest yn Limboarch

SC Cambuur hat sneon ferlern fan Fortuna Sittard. Mitchel Paulissen like yn blessueretiid noch in punt te rêden foar de Ljouwerters, mar skiedsrjochter Higler karde de goal ôf. Sa einige it duel yn 1-0 foar Fortuna.
© Orange Pictures
Cambuur krige nei in lytse tsien minuten de earste kâns fan de wedstriid. Michael Breij skeat de bal oer de goal fan Fortuna-keeper Yanick van Osch. It wie in seldsum momint yn de earste helte. De wedstriid spile him benammen ôf op it middenfjild en der wienen hast gjin mooglikheden.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa; Jacobs, Hoedemakers, Maulun; Breij, Boere en Kallon.
Fuort nei it skoft hienen we al mear driging sjoen as yn de earste helte: Erik Schouten kopte op de latte nei in frije traap fan Mees Hoedemakers. Efkes letter makke Cambuur sels in doelpunt fia Tom Boere, mar earder yn de oanfal wie it al bûtenspul. Dêrom bleau it 0-0.
Jamie Jacobs waard der machteleas fan © Orange Pictures
Yn de slotfaze kaam der dochs noch spektakel. Yn de 86ste minút kaam Fortuna op foarsprong. George Cox kopte in foarset fan de rjochterkant knap binnen: 1-0.

Cambuur fan freugde nei fertriet

Yn blessueretiid makke Cambuur dochs noch lyk. Mitchel Paulissen skoarde nei't Roberts Uldrikis de bal goed trochkopt hie. Dochs kaam der in ein oan de Ljouwerter bliidskip: Uldrikis stie neffens de VAR bûtenspul. It doelpunt waard dêrom ôfkard.
Cambuur hâldt dêrtroch gjin punten oer oan de wedstriid tsjin Fortuna.