Rispe- en fruitmerk by De Kruidhof

By botanyske tún De Kruidhof yn Bûtenpost gie de jierlikse rispe- en fruitmerk foar it earst sûnt it útbrekken fan it coronafirus wer troch. Der wienen ferskate kreamen mei griente en fruit, priuwerijen en aktiviteiten foar bern. In soad minsken trapen de hjerstfakânsje ôf mei in besite oan de tún.
It wie lang om let tiid foar de rispe- en fruitmerk by De Kruidhof
Koördinator Gerben de Haan is bliid dat de merk dit jier wer troch gie: "Ofrûne twa jier wiene wy mar trije fan de seis moannen iepen, dan is it dreech om deselde omset en besikersoantallen te heljen. Mar wy geane der fanút dat it takom jier wer better is."

470 tûzen euro

Ofrûne wike krige De Kruidhof 470 tûzen euro tasein fan de gemeente Achtkarspelen. Dat sil brûkt wurde foar in nije kas en loads en foar ferskate renovaasjes. De Haan: "Wy knappe de multyfunksjonele romte op om minsken mear biede te kinnen."
Ferslachjouwer Earryt Sijens by De Kruidhof