It Frysk is yn beweging, sjocht ûndersiker Merkuur: "Yn eltse regio wer oars"

Fryske tiidwurden feroarje, mar dat is neffens taalûndersiker Anne Merkuur net fuortendaalks wat om je soargen oer te meitsjen. "It is net sa dat bepaalde foarmen fuort it hiele taalgebiet oernimme."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ik 'gie' of ik 'gong': wat is no krekt it goede tiidwurd? Neffens taalûndersiker Merkuur kin it beide, en is it gebrûk ôfhinklik fan ferskate saken. "It wurdt bepaald troch de leeftiid, mar hiel faak ek troch de regio dêr't je weikomme yn Fryslân."
Merkuur hat ûndersyk dien nei hoe't Fryske tiidwurden yn de ôfrûne 100 jier feroare binne. Moandei promovearret sy hjir op, oan de Universiteit fan Amsterdam. "Wy binne yn it Frysk hiel bot wend dat der sa'n soad fariaasje is."

Oer de hiele provinsje

"Sa'n hûndert jier lyn wienen 'ik haw praten' en 'ik haw setten' ek noch hiel opfallende foarmen, dy't hast allinne yn de Súdwesthoeke brûkt waarden. Dat binne no foarmen dy't har stadich oan oer de hiele provinsje ferspraat hawwe", seit Merkuur. "It falt net ien mear op."
It 'geef Frysk' bestiet wol, mar it hat it paad wat minder fûn nei de húskeamers fan de minsken.
Taalûndersiker Anne Merkuur
Neffens Merkuur bliuwt in taal altyd yn beweging. "Wa seit no eins wat in goeie foarm is? Dat dogge we úteinlik mei-inaor. As genôch minsken in bepaald wurd brûke, fine sy it ek net mear frjemd. Sa komt it úteinlik yn de grammatikaboekjes terjochte."

Geef Frysk

Merkuur sjocht boppedat dat yn it Nederlânsk mear in 'noarmbesef' is dan yn it Frysk. "Eltsenien wit dat it eins 'beter dan ik' wêze moat, wylst in hiel soad minsken 'als mij' sizze soene." Foar it Frysk is dat oars. Merkuur: "It geef Frysk bestiet wol, mar it hat it paad wat minder fûn nei de húskeamers fan de minsken."

Wittenskiplik ûndersyk

Om sizze te kinnen oft it Frysk feroaret, hat taalwittenskipper Anne Merkuur minsken frege om in enkête yn te foljen, mei dêryn de klassike ynfolsintsjes. Sa koe sy sjen hokker tiidwurdsfoarm minsken krekt brûke.
Sy seach ek nei hoe âld minsken binne of wêr't se grutbrocht binne. "Sa koe ik sjen oft der wat in patroan yn sit."
It liket somtiden as feroaret der in hiel soad, mar neffens Merkuur binne yn elts gefal de Fryske tiidwurden 'frij robúst'.
© Shutterstock.com (Gigra)
Merkuur: "Je kinne in soad fariaasje hawwe, mar it is net sa dat bepaalde foarmen fuort it hiele taalgebiet oernimme, of dat foarmen dy't op it Nederlânsk lykje mear oerlibbingskâns hawwe as foarmen dy't bygelyks net op it Nederlânsk lykje."
Anne Merkuur fan de Fryske Akademy oer de tiidwurden dy't feroarje