Rôze Sneon yn Ljouwert: "Dit is de dei fan de leafde"

16 okt 2021 - 19:00

Ljouwert stiet sneon de hiele dei yn it ramt fan Rôze Sneon: op dizze dei is der op allerhanne wizen omtinken foar bewustwurding en akseptaasje fan seksueel- en genderferskaat. In grutte publykslûker is de boateparade, mar ek op it Saailân en op oare plakken yn de stêd is fan alles te belibjen.

De boateparade fan Rôze Sneon:

"Het is geweldig, het wordt steeds drukker", seit programmakoördinator Eva van Netten sneontemiddei oer Pride Leeuwarden. "Er zijn veel mensen van verschillende leeftijden, de botenparade is een vrolijke aangelegenheid. Ik zie mensen met veel kleuren en vlaggen."

It wie noch wol spannend oft it trochgean soe, seit sy. "Vanwege corona was het al drie keer uitgesteld. Pas bij de laatste persconferentie hoorden we dat het kon, toen moesten we alles nog snel organiseren."

Ferslachjouwer Onno Falkena op Pride Leeuwarden yn petear mei Eva van Netten

Dochs bliuwt it ek in aktivistyske dei. "Vandaag is een groot feest om te vieren wie we zijn, de verschillen en overeenkomsten. Maar we staan ook stil bij dat de rechten nog niet voor iedereen helemaal gelijk zijn.

Van Netten is der grutsk op dat it evenemint no yn Ljouwert is. "Dat is heel bijzonder, daar ben ik trots op. In Fryslân is echt nog wel wat te behalen op het gebied van rechten voor queer mensen, de zichtbaarheid en het verenigen van de community."

Sneon 16 oktober stiet Ljouwert yn it ramt fan Roze Zaterdag. Mei in tsjerketsjinst, in boateparade, in gigantyske reinbôgeflagge oer De Harmonie en in grut poadium op it Saailân wurdt stilstien by bewustwurding en akseptaasje fan seksueel- en genderferskaat.

Yn oanrin nei Rôze Sneon makket Omrop Fryslân ferskate reportaazjes fan Friezen dy't mei dizze tematyk te krijen hawwe. En sneon 16 oktober binne alle festiviteiten de hiele dei te folgjen op de radio en yn in livestream op de webside fan Omrop Fryslân tusken 11.00 en 13.30 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)