Oanhâlding op Ljouwerter Ruterskertier: fertochte fan 14 mei alarmpistoal

16 okt 2021 - 09:47

Op it Ruterskertier yn Ljouwert binne freedtejûn twa minsken mei wapens oanholden. It foel de hanthavening op kamerabylden op dat sy wat ûnder de klean hiene. De fertochten binne fûillearre: doe die bliken dat ien fertochte in grut mes by him hie. De oare fertochte - in 14-jierrige Ljouwerter - hie in alarmpistoal.

Foto: Shutterstock.com / ArtOlympic

De twa fertochten binne oanholden, de plysje docht ûndersyk nei de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)