Iris Noordzij wol rekôr roeie: “Takomst begjint oer in pear tûzen kilometer”

16 okt 2021 - 07:23

Roeister Iris Noordzij fan Jobbegea sil op 'e nij oer de Atlantyske Oseaan roeie. Yn desimber stapt Iris yn La Gomera oan board fan de ûnsinkbere roeiboat 'Queen of Hearts' foar in tocht fan 5.000 kilometer.

Iris, Bettina en Debby op de 'Queen of Hearts' foar in trainingsrûntsje oer de Pikmar - Foto: Omrop Fryslân

Mei de langeôfstânroeisters Debby Bijl en Bettina de Wild fan Noard-Hollân wol Iris besykje om it wrâldrekôr foar in boat fan trije froulju te brekken. Om dat te heljen moatte de froulju binnen 48 dagen oankomme op it Karibyske eilân Antigua. Oft it trio it hellet hinget lykwols net allinnich fan de eigen ynspanningen ôf, mar ek fan waar en wyn.

Jild ophelje

Noordzij stuts ferline jier ek al de Atlantyske Oseaan oer yn in boat foar fjouwer froulju en hat dus de smaak te pakken. Underweis wol it trio jild ynsammelje foar de Mentelity Foundation fan Bibian Mentel. "Bibian wie in echte trochsetter. Har foarbyld hâlde we fêst."

Iris Noordzij wol rekôr roeie: “Takomst begjint oer in pear tûzen kilometer”

Je libje hielendal yn it hjir en no as je oer de oseaan roeie. It ferline telt net en de takomst begjint pas oer in pear tûzen kilometer.

Roeister Iris Noordzij fan Jobbegea

"Je libje hielendal yn it hjir en no as je oer de oseaan roeie", fertelt Iris Noordzij. "It ferline telt net en de takomst begjint pas oer in pear tûzen kilometer." Om it doel te heljen hâlde de froulju in strak roeiskema oan. "Deis is it skema twa oeren roeie en ien oere rêst. Yn dat oere moatte we ite en drinke en ek putsjes oan de boat dwaan."

Pear kear twa oerkes sliepe

Nachts is der twa oeren rêst nei ien oere roeie. "Trochsliepe kin net, mar mei in pear kear twa oerkes sliepe komme je der ek wol." Om ûngelokken foar te kommen meitsje de froulju harren fêst oan de boat, sadat se wer maklik oan board helle wurde kinne as der ien oer board slacht.

Iris Noordzij is 54 jier, mar sjocht har leeftiid net as in beswier. "It is duersport. As je âlder wurde, wurdt it allinnich mar better, mar je moatte it wol no dwaan", seit se as motivaasje foar har twadde oerstek oer de Atlantyske Oseaan op in roeiboat. "It is in kwestje fan gewoan trochgean."

Iris Noordzij fertelt wat it moaie is fan roeie oer de oseaan

Underweis moatte de trije froulju har mei alles rêde. Der giet in wiidweidige EHBO-doaze mei en de froulju sille ek noch oefenje yn it hechtsjen fan smertlapen, mocht dat nedich wêze. Ek is der ark oan board om alles reparearje te kinnen wat stikken gean kin.

Goed taret

Der fart gjin folchboat efter de 'Queen of Hearts' oan. Wol is der alle dagen kontakt mei de wedstriidorganisaasje en it eigen wâlteam. Iris Noordzij makket har net al te drok oer de mooglike risiko's. "Wy binne goed taret. We tinke yn mooglikheden en net yn risiko's."

Trefwurden: 
oseaan roeie Iris Noordzij
(Advertinsje)
(Advertinsje)