UNIS Flyers kin ek sûnder Pitkänen winne

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha foar de tredde kear dit seizoen wûn. De bekerwedstriid tsjin Zoetermeer Panters einige yn 5-0.
UNIS Flyers wint fan Zoetermeer:
De Feanster iishockeyers hienen de earste twa bekerwedstriden fan it seizoen ek al wûn, mar dy waarden omset nei ferlies. Neffens it tuchtkolleezje fan de BeNe League hie Riku Pitkänen net spylje mochten. Flyers is it dêr trouwens net mei iens en giet yn berop.
Sûnder Pitkänen yn de seleksje begûn Flyers goed oan it duel tsjin Panters. Jasper Nordemann sette de thúsploech al yn de earste minút op foarsprong. Fiif minuten letter makke Lars den Edel de 2-0 en noch foar de ein fan de earste perioade skoarde ek Roope Nikkilä noch.
De twadde perioade yn Thialf bleau doelpuntleas, mar Flyers wie noch net klear mei Zoetermeer. Den Edel en Nikkilä tekenen yn de tredde perioade beiden foar harren twadde doelpunt fan de jûn, wêrmei't de einstân 5-0 waard.
De Flyers fiere in treffer fan Roope Nikkilä © Margo Mulder
Flyers hat no de earste trije wedstriden fan it bekertoernoai spile. Dat toernoai begjint mei in pûlfaze. Flyers sit yn in pûl mei Hijs Hokij, Geleen Eaters en Zoetermeer Panters. Tsjin elke klup hat Flyers no ien kear spile. Op sneon spylje de Flyers alwer. Diskear op besite by Zoetermeer.

Lang bekertoernoai

Ein oktober binne de heale finales fan it bekertoernoai, yn jannewaris is de finale.
Yn it seizoen 2019/2020, de lêste kear dat de beker spile is, wûnen de Flyers.