Froulju sc Hearrenfean komme net fierder as punt tsjin hikkesluter

15 okt 2021 - 21:37

De froulju fan sc Hearrenfean hawwe freedtejûn lyk spile tsjin Excelsior. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 1-1.

Daniëlle Noordermeer (Excelsior) en Nikée van Dijk (sc Hearrenfean) - Foto: Orange Pictures

De Friezinnen kamen al yn de njoggende minút op foarsprong troch in doelpunt fan Chimera Ripa. Dêrmei makke de 19-jierrige spylster alwer har fiifde doelpunt fan it seizoen.

Yn de tweintichste minút kaam Excelsior fia in hurd skot fan Naomi Piqué yn de hoek op likense hichte.

Flak foar tiid pakten de Friezinnen noch hast de oerwinning, mar Nikée van Dijk skeat de bal op 'e peal. Dêrom bleau it by 1-1.

Foar Hearrenfean is it it tredde lykspul yn seis wedstriden. De ploech fan Roeland ten Berge hat no seis punten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)