Ferdinand de Jong skriuwt kadoboek fan 2022: "Utdaging om lêzers te ferlieden"

Skriuwer Ferdinand de Jong (1969) fan It Hearrenfean skriuwt it Frysk kadoboek fan 2022. "It foardiel fan in Kadoboek is dat lêzers ek ris wurk fan in skriuwer ûnder eagen krije dêr't se oars net daliks in boek fan keapje as lêze soenen."
Ferdinand de Jong © Jacob van Essen
"De útdaging is dan fansels om in boek te skriuwen dat krekt dy lêzers ferliedt om mear fan jo wurk te lêzen."
Yn 2010 ferskynde De Jong syn earste roman, 'Guozzeflecht'. Twa jier letter krige er de Rink van der Velde-priis foar syn roman 'It dak fan 'e wrâld'. Syn lêste roman 'De tredde perioade' (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd. "It is fansels prachtich as je frege wurde om it Kadoboek te skriuwen", seit er.

Boekefeest yn Oranjewâld

It kadoboek fan De Jong wurdt presintearre op 28 oktober 2022 op it Frysk Boekefeest, dat spesjaal op fersyk fan de skriuwer diskear yn Oranjewâld plakhawwe sil. It kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fergees te krijen by oankeap fan in boek.

Ilja Leonard Pfeijffer yn it Frysk

It nasjonale Boekenweekgeschenk wurdt yn 2022 skreaun troch Ilja Leonard Pfeijffer. De Fryske oersetting wurdt makke toch Jetske Bilker. Yn de nasjonale Boekenweek, maart takom jier, is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek.
It Kadoboek en de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk binne beide in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.