Carles Puigdemont komt dochs nei Fryslân ta

15 okt 2021 - 20:54

De eardere Katalaanske presidint Carles Puigdemont komt takom jier dochs noch nei Fryslân ta. Dat hat er ôfpraat op it EFA-kongres yn Brussel.

Carles Puigdemont - Foto: ANP

Puigdemont soe earder nei Fryslân ta komme, mar dat koe doe troch de coronapandemy net trochgean.

De FNP wie ek op it kongres foar petearen mei Europarlemintariërs. Sa hie FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol ûnder oare in petear mei Puigdemont.

Op it EFA-kongres hat de FNP ek unanym stipe krige foar in moasje oer wenningbou. Dêrmei wol de partij Europeeske programma's ûnder oare brûke om jild yn hûzebou te stekken.

De Europeeske Frije Alliânsje is in politike partij mei ferskate regionale partijen. De FNP wie yn 1981 ien fan de oprjochters. Mei de Grienen foarmet de EFA ien fraksje yn it Europeeske parlemint. Se ha mei-elkoar 73 fan de 705 sitten.

Trefwurden: 
Carles Puigdemont
(Advertinsje)
(Advertinsje)