Plysje sjit yn Frjentsjer, 42-jierrige man oanholden

15 okt 2021 - 19:50

De plysje hat freed in skot lost by in wenning yn Frjentsjer. Dêrby is gjinien ferwûne rekke, mar de plysje hat wol in persoan oanholden. It giet om in 42-jierrige man fan Frjentsjer. De fertochte sit op dit stuit fêst.

De plysje op it plak fan it ynsidint - Foto: SRFotografie

Doe't de plysje nei in melding freed oan de ein fan de middei nei de Schoener yn Frjentsjer ta gong, troffen se in man mei in stekwapen. De plysje-agint fielde dêrby de needsaak om in rjochte skot te lossen.

De man mei it stekwapen waard net rekke. Nei't de plysje pepperspray brûkte, waard de man oanholden. Hy is nei it plysjeburo ta brocht.

Trefwurden: 
plysje Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)