Nij gemaal Ryptsjerk fan oardel miljoen yn gebrûk naam

15 okt 2021 - 19:14

It nije gemaal Ryptsjerk is freed offisjeel yn gebrûk naam. It gemaal fan oardel miljoen euro bemeallet de polders om Ryptsjerk, Mûnein, Tytsjerk en Hurdegaryp hinne.

It nije gemaal Ryptsjerk - Foto: Daniël Hartog

De pomp fan it nije gemaal kin elke minút 140.000 liter wetter ferwurkje. It wetter wurdt fia in nije útstreamput útwettere yn de Ryptsjerksterfeart. Mei it nije gemaal kin it wetter op peil hâlden wurde. It hat ek in fiskpassaazje.

It nije gemaal, dat iepene is troch wetterskipsbestjoerder Jan van Weperen, ferfangt it âlde gemaal. Dat stamme út 1984.

"Met het nieuwe gemaal kunnen we het water in deze polders beter op peil houden", seit Van Weperen. "In perioden van extreme neerslag moet er meer water worden afgevoerd. Belangrijk voor de vismigratie is dat het nieuwe gemaal vispasseerbaar is."

It gemaal Ryptsjerk is ûnderdiel fan in netwurk fan hast 1.000 gemalen, 5.400 keardammen en sawat 5.000 ynlitten yn it wurkgebiet fan Wetterskip Fryslân.

Trefwurden: 
Wetterskip Fryslân gemaal
(Advertinsje)
(Advertinsje)