Anonime ynleveraksje smyt 25 wapens op

15 okt 2021 - 18:12

Yn Fryslân binne oant no ta seker 25 wapens anonym ynlevere by de plysje nei oanlieding fan in lanlike ynleveraksje. It giet foaral om messen, mar der binne ek boksbûgels en nepfjoerwapens ynlevere. Der binne yn Noard-Nederlân yn totaal 27 fjoerwapens ynlevere.

Messen dy't de plysje earder al yn beslach naam (argyf) - Foto: Plysje Ljouwert

'Drop je knife en doe wat met je life' is de namme fan de lanlike aksje tsjin wapenbesit. Jongeren koene fan ôfrûne moandei ôf in wike lang anonym messen ynleverje, sûnder dat se straf krije. Acht Fryske gemeenten diene mei oan de kampanje.

De plysje jout oan dat it om in tuskenstân giet. Takom wike freed is alles teld en komt de plysje mei it definitive oantal.

Trefwurden: 
plysje wapens
(Advertinsje)
(Advertinsje)