Sterke Yerke-flot te wetter litten yn Harns

15 okt 2021 - 17:37

De skiednis werhellet him yn Harns. Yn 1979 begûn dêr it ferhaal fan de earste Sterke Yerke, in flot mei Friezen dat de Atlantyske Oseaan oergong. No, sa'n 42 jier letter, giet de Sterke Yerke fjouwer te wetter.

It flot gie freed te wetter:

"Moai dat jimme der binne mannen, mar ik ha it op dit stuit smoardrok", seit Maarten Huisman wylst hy op de Yerke stiet. It flot hinget op in pear meter fan de grûn yn in brêge. Elk momint kin dy te wetter, mar dan moat er earst noch goedkard wurde. Dat bart troch in Europeeske keuringstsjinst.

Grutsk

Maarten is mei syn sechstjin jier de jongste fan de Yerke. "Ik fyn dit sa'n moai projekt. Grutsk dat ik derby wêze mei. No noch efkes alles oan 'e kant lizze en netsjes meitsje en dan kin de keuring komme."

Nei't Maarten klear is mei syn wurk, komt de karmaster om it hoekje sjen. Renze Dijkstra sjocht alle dagen skippen foarby kommen op syn wurklist, mar in flot is wol unyk.

"Dat gebeurt eigenlijk nooit. Het is ook wel een bijzonder apparaat. We moeten dan ook een compleet nieuwe keuringslijst opstellen. Sommige punten halen we uit de originele lijst. Denk daarbij aan de railinghoogte en de reddingsvesten. Maar de elektriciteit en de constructie is gewoon heel uniek. Dat controleren we op een andere manier."

Sterke Yerke te wetter litten - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Nei in keuring fan trije oeren komt it sein op grien te stean en kin de Yerke te wetter. De Sterke Yerke is it fjirde skip yn de rige fan de Yerkes. De ferneamste helle Bonêre, mar it hjoeddeistige skip sil foarearst net sa fier.

"Ast it sa fergelikest dan klinkt it wol wat saai ja, mar we gean earst allinnich nei Skylge," laket Wilfred de Jong. "It is in moai momint om it skip sa yn it wetter te sjen. Alles docht it en dan kinne we aanst miskien fierder as allinnich de Waadeilannen. Mar earst efkes wenne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)