Ben Feringa krijt earste eksimplaar biografy fan Eise Eisinga

15 okt 2021 - 17:06

Yn Frjentsjer is in nije biografy fan Eise Eisinga presintearre: De Hemelbouwer. It earste eksimplaar is oerlange oan Nobelpriiswinner Ben Feringa.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Arjen Dijkstra, direkteur fan it Universiteitsmuseum yn Grins, hat acht jier oan it boek wurke. It doel wie om in nij ferhaal te fertellen oer it libben fan Eisinga. Dijkstra hat foar it libbensferhaal tsientallen 'nije' boarnen brûkt.

Dijkstra hat besocht syn haadpersoan yn de ekonomyske, politike en wittenskiplike kontekst fan syn tiid te pleatsen. "Ik bin der echt hiel bliid mei. It hat soms ek wol in skoft stillein. Somtiden wol oardel jier. Dêrom is it wol ekstra moai dat it no klear is en dat it boek er leit," seit Dijkstra.

Skriuwer Arjen Dijkstra oerlanget it boek oan Ben Feringa - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It earste eksimplaar is útrikt oan nobelpriiswinner Ben Feringa. "Eisinga is natuurlijk een held. Tweehonderdvijftig jaar later kunnen we nog altijd van dit uurwerk en de planeten genieten." Feringa hat it earste stik fan it boek al lêzen. "Ik viel van de ene verbazing in de andere."

Njonken it boek foar folwoeksenen rûn Dijkstra ek om mei it idee om in boekje te meitsjen foar bern, om sa it planetarium ek foar de jongsten ynfielber te meitsjen. Sa is njonken De Hemelbouwer ek It Himelbouwerke ûntstien.

Skriuwer Arjen Dijkstra oer it boek

(Advertinsje)
(Advertinsje)