Tegeltablo Maria Louise op it Aldehoustertsjerkhôf is hast klear

15 okt 2021 - 16:52

It tegeltablo oan de gevel fan Brasserie Maria Louise op de hoeke fan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is hast klear. It tablo wurdt saterdei ûntbleate.

It tegeltablo ferfangt de eardere skildering fan Marijke Muoi op de muorre. Dy skildering begûn ôf te bledderjen. It nije tablo bestiet út 2160 tegels. Dêrop binne Maria Louise fan Hessen-Kassel, prinses fan Oranje-Nassau en har relaasjes mei noch altiten besteande Europeeske keningshûzen te sjen.

It tablo is ûntwurpen troch Michaël Snitker en produsearre troch Keninklike Tichelaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)