Johnny Jansen: "Ajax is kwetsbaar in de omschakeling"

15 okt 2021 - 16:14

Ajax is yn de earedivyzje in klasse apart, mar toch lizze der neffens Hearrenfean-trainer Johnny Jansen mooglikheden sneon. "Ajax neemt in balbezit veel risico, dus dat betekent dat er in de omschakeling ruimtes liggen."

Alles moat goed gean om in kâns te meitsjen, seit Jansen:

Mei Anthony Musaba oan de rjochterkant beskikt Hearrenfean oer in soad snelheid. Yn it plan dat Jansen betocht hat, hopet de trainer dat Musaba oppakt wurde moat troch Daley Blind. Dêr is Ajax kwetsber, omdat de Oranje-ynternasjonal net de fluchste is.

"Met Anthony (Musaba red.) hebben we veel snelheid op de rechterkant", seit Jansen. "We hopen dat we daar veel gebruik van kunnen maken. Ajax heeft in de eredivisie 70 procent balbezit. Als je ze pijn wilt doen, dan zal dat vooral in de omschakeling zijn. Hopelijk kunnen we stunten."

Soad nei Ajax - Utrecht sjoen

Ajax wûn yn de kompetysje seis fan de acht wedstriden mei grutte sifers. Dochs hat FC Utrecht twa wiken lyn sjen litten dat it mooglik is: Utrecht wûn yn Amsterdam mei 0-1.

"De beelden van Ajax - Utrecht zijn de afgelopen week veel voorbij gekomen", fertelt Jansen. "Dan zie je ook wel dat er mogelijkheden zijn om ze pijn te doen, maar je ziet vooral een heel goed Ajax. We zullen heel goed en heel compact moeten verdedigen en alles zal moeten kloppen. Als je ziet hoe Utrecht verdedigde, hoeveel energie ze erin stopten. Dat was mooi om te zien."

Minder samba

De Amsterdammers misse tsjin Hearrenfean Lisandro Martínez en Nicolás Tagliafico (Argentinië) en Antony (Brazilië). Fanwege ynterlânferplichtings binne de Súd-Amearikanen pas let werom yn Nederlân. Edson Álvarez (Meksiko) is in fraachteken, mar kin nei alle gedachten wol meidwaan.

Pranjic, Sibon en Bak Nielsen fiere de oerwinning fan Hearrenfean op Ajax yn 2008 - Foto: ANP

De lêste kear dat Hearrenfean yn eigen stadion wûn fan de Amsterdammers wie op 5 oktober 2008. De wedstriid einige yn in 5-2-oerwinning mei doelpunten fan ûnder oaren Danijel Pranjic, Gerald Sibon en Roy Beerens. Op doel stie Brian Vandenbussche en hy wit noch in soad fan dy wedstriid.

Ik denk dat we met 1-0 gaan winnen.

Ald-Hearrenfean-doelman Brian Vandenbussche

"Dat was echt een fantastische avond met een superieure Roy Beerens die met zijn acties toen echt het verschil maakte", fertelt de Belch, dy't op it stuit keeperstrainer is by KMSK Deinze. "Alles klopte die dag. Het is al veel te lang geleden dat we van Ajax hebben gewonnen."

"Inderdaad, ik zeg nog steeds 'we' en dat blijf ik ook zeggen, want ik heb hier een heel mooie carrière gehad. Ik denk dat we gaan winnen, met 1-0."

Brian Vandenbussche (rjochts) yn de wedstriid tsjin Ajax yn oktober 2008 - Foto: Orange Pictures

Vandenbussche wit dus hoe't je fan Ajax winne kinne. "Je moet heel scherp in de duels zijn en het Ajax direct vanaf de eerste minuut lastig maken. Door er 200 procent voor te gaan, kun je Ajax verslaan. Voor de rest laat ik het graag aan Johnny over, haha."

De wedstriid tusken sc Hearrenfean en Ajax begjint sneon om 18.45 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio, dat om 18.30 oere begjint. Nei sc Hearrenfean - Ajax giet dat sportprogramma fierder mei Fortuna Sittard - SC Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)